De gemeente it Bildt leit yn de noardwesthoeke fan Fryslân,
de saneamde Fryske bouhoeke.
Sint Anne is it haadplak fan it Bildt.
Yn it noarden leit de gemeente it Bildt tsjin de Waadsee oan en
oan de east-, súd- en westgrins lizze de gemeenten Ferwerderadiel,
Ljouwerteradiel, Menameradiel en Frjentsjerteradiel.
Op koarte ofstân lizze de plakken Harns, Frjentsjer en
Ljouwert.
Der 't de ynwenners fan it Bildt no tahâlde wie foarhinne de
Middelsee.
It wie hartoch Georg fan Saksen dy't nei underhannelen mei fjouwer
Hollândske eallju, Thomas Beuckelaar, de bruorren Jacob, Floris en Dirk
Van Wijngaarden in oerienkomst sleat om it earste part fan it hjoeddeiske Bildt
te bedyken.
Yn 1505 wie it wurk klear. Al ridlik gau ûntstienen der trije
lytse doarpen (gehuchten) te witten Wyngaarden, Altoena en Kijfhoek. Dizze
nammen ûntstiene troch arbeiders dy't it lân oan it bedykjen wiene.
Se neamden de nije wenplakken nei de streek of it doarp der't se
úteinliks hikke en tein wiene.
Letter krigen dizze wenplakken eigen tsjerkjes, dy't tawijd
waarden oan Sint Jacob, Sint Anne en "Us leave Frouwe".
In tiid letter binne de
eardere nammen fan 'e doarpkes feroare yn: Sint Jacobiparochie (Sint Jabik),
Sint Annaparochie (Sint Anne) en Vrouwenparochie (Froubuert).
Troch it kommen fan in soad Hollânske arbeiders
ûntstie der in folslein eigen taal.
Dizze taal dy't Bildts neamd wurdt,
is in mingfoarm fan it Hollândsk en it Frysk. Oant hjoeddedei ta wurdt it
Bildts njonken it Frysk en Hollândsk as fiertaal brûkt.
Yn 1600 waard it Nije Bildt ynpoldere en yn 1715 poldere men op'e
nij in stik oanslibbe lân yn, bij namme de Bildtpollen. Yn tiid fan trije
ieuwen waard de folsleine bediking fan hjoeddeiske gemeente réalisearre.
In alderheislike stik wurk as men betinkt dat dit wurk mei skeppe en kroade
barre moast. It stânbyld "De Slikwurker" by Swarte Hoanne oan de Waadkust
is in earbetoan oan dy kloeke bodders.
De lêste grutte gebietsútwreiding fan it Bildt hie
syn beslach yn 1984, net troch ynpoldering mar troch de gemeentelike
weryndieling fan Fryslân.
Sûnt 1 jannewaris 1984 bestiet de gemeente it Bildt
út de kearnen Sint Anne, Sint Jabik, Froubuert, Aldebildtsyl, Westhoeke
en Minnertsgea.
Hjoeddedei is it in gemeente fan om en de bij 10.000 ynwenners mei
it tige heech nivo fan fersjennings.
De reistiid nei Ljouwert is oer de S10
mar tsien menúten.
Els doarp hat ûnder oaren goede winkel-, sport-
en soasjaal kulturele fersjennings.
Sa binne der ta ferlet fan de sport in soad
sportfjilden, mei fuotbalakkomodaasjes, iisbanen, keatsfjilden, tennisbanen,
gimmestyklokalen, sporthal, oerdekt swembad, fierljipskâns, maneezje en
inkele foar multifunksjoneel sportgebrûk.
Ek foar soasjaal kulturele fersjennings is rymsk soarge.
Sa fine
jo klub- en buerthûs akkommodaasjes, de soos, pjutte boarters plakken,
bibliotheken, konsertromtes, ferienings gebouwen, in muzykskoalle en sa
fuorthinne ensfh.
Der binne fierders ek genôch skoallen foar basis- en
middelber underwiis.
Om koart te gean, in gemeente der't men jin noflik nei wenjen sette kin.

Dizze tekst is oernommen út de ynformaasjegids gemeente It Bildt fan 1992.

